'2008: jier fan Fryske taal'

07 jan 2008 - 12:40

'2008 moat it jier fan de Fryske taal wurde'. Dat sei FNP-lieder Johannes Kramer sneon op in gearkomste yn Twizelerheide. Oare underwerpen dy't foar de partij belangryk binne, binne betelbere huzen foar jongeren, mear Frysk op de skoallen, in Fryske Kommissaris fan de Keninginne, gjin kilometerheffing foar Friezen en gjin grutte gemeenten yn Fryslân.

De FNP ferlear by de lêste ferkiezings sitten en dy wol Kramer werom ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)