Trofee foar racer De Jong

07 jan 2008 - 10:00
  • Jannick de Jong mei syn trofee

Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk hat snein de Ben Majoor Trofee krigen. Dat wie by de kampioenshuldiging fan motorsportferiening KNMV yn Papendal.

De Jong waard dêr huldige om't er de Nederlânske titels op de gers- en speedwaybanen wûn hie. Mar dêrneist krige er ek de Ben Majoor Trofee. Dat is de heechste ûnderskieding foar talinten yn de motorsport oant 23 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)