Dump húsdieren moat ophâlde

06 jan 2008 - 13:13

De Fûgelhelling by Drachten hâldt mooglik op mei it opfangen fan húsdieren. Yn 2007 binne mei-elkoar 3000 fûgels en oare bistesoarten opfongen en fersoarge yn de opfang, wêrfan't sa'n 400 net wyld binne. It giet bygelyks om kninen en sierfûgels dy't dumpt binne.

De bistjes krije ûnderdak en fretten. De kosten dêrfan drukke swier op it budzjet. In nij baaske is ek net maklik te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)