Oerlis fernielings Tsjummearum

Njonken de wasbakken, waarden der ek rúten fan rekreaasjewenten en buorden op it park fernield
De eigner fan rekreaasjepark Barradiel wol dizze wike oerlizze mei de gemeente oer de fernielings dy't mei âld en nij oanrjochte binne op it park yn Tsjummearum. Op de eardere kamping waard in kontainer yn de brân setten. Fierder waarden buorden, wasbakken en rúten fernield.
De skea soe wol 15-tûzen euro wêze. Barradiel wol dat der net wer karbidsketten wurdt, midden yn it doarp. Ek soe it fjoer dêr net moatte.