Ynskriuwe foar Slachtemaraton

De kuierders fan de Slachtemaraton yn 2004
De ynskriuwing foar de Slachtemaraton foar dit jier set moandei útein. Hurdrinners en Freonen fan de Slachtemaraton kinne har oanmelde. Nije wike moandei kinne oare kuierders har opjaan om mei te rinnen. Dat is mooglik fan moandeitemoarn seis oere ôf. De Slachtemaraton is op 14 juny en begjint yn Easterbierrum.
Ynskriuwe kin allinne fia ynternet op de webside www.slachtemarathon.nl