Marianne Timmer oan de lieding

Ingeborg Kroon stiet sande (foto: Martin de Jong)
Marianne Timmer is nei de earste dei de liedster yn it klassemint op it NK sprint op it keunstiis fan Thialf. De 500 meter waard wûn troch Annette Gerritsen, de 1000 meter wie foar Ireen Wüst. De winnares fan de 500 meter foel op de dûbele ôfstân en is útskeakele foar de titel.
Fan de Fryske froulju stiet nei de earste dei Ingeborg Kroon op it sânde plak, Wieteke Cramer is 10e, Mayon Kuipers 16e en Anice Das 19e.