Cambuur oefenet en wint

05 jan 2008 - 17:05

Cambuur hat sneontemiddei de oefenwedstriid tsjin sneonshaadklasser DOTO mei 1-0 wûn. De Ljouwerters hiene it dreech tsjin de ploech út Pernis. Benammen yn de earste helte wie it spul net goed: it tempo te leech, in protte balferlies en gjin kânsen.

Jeroen Ketting makke yn de 78ste minút mei in kopbal út in hoekskop fan Adnan Barakat de winnende treffer. Freed begjint foar Cambuur de twadde helte fan it seizoen tsjin Omniworld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)