Pizzabesoarger oerfallen

05 jan 2008 - 13:45

Yn Ljouwert is freedtejûn in pizzabesoarger (17) oerfallen. De jonge moast oan de Kingmastate in pizza ôfleverje. Dêr waard er oerfallen troch in noch ûnbekende man. Dy pakte syn beurs ôf en naaide dermei út yn de rjochting fan de Martenastate.

De plysje hat noch nei de oerfaller socht, mar koe him net fine. De beurs is wol weromfûn, dy lei in pear strjitten fierderop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)