Bettere oansluting trein-bus

bettere oansluting bus en trein
De streekbussen fan ferfierder Arriva yn Súdeast Fryslân slute fan snein ôf better oan op de tsjinstregeling fan de Nederlandse Spoorwegen. Arriva hat dat oanpast nei reaksjes fan reizger. Dy klagen oer de minne oansluting fan bus en trein.
Yn de measte gefallen giet in bus fan snein ôf wat earder of letter fuort. Arriva hat in pear moanne wurke oan de oanpassings yn de tsjinstregeling.