Nei skoalle fan acht oant twa

05 jan 2008 - 12:42
  • Bern soene alle dagen fan acht oant twa nei skoalle moatte

De skoaltiden moatte feroarje om in ein te meitsjen oan de problemen mei de bûtenskoalse opfang. Dat seit direkteur van Hall fan de Stichting Kinderopvang Leeuwarden.

Van Hall wol de frije woansdeitemiddei ôfskaffe. It soe makliker wêze om de bern alle dagen deselde tiden te jaan en se ek alle dagen op deselde tiden nei de bûtenskoalse opfang te stjoeren. Dat is folle rêstiger foar de bern sels en har âlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)