Brands: Alves net nei AZ

Hoe lang bliuwt Alves noch op it Hearrenfean?
Oanfaller Afonso Alves fan Sportklub Hearrenfean giet sa goed as wis net nei AZ. Dat seit technysk direkteur Marcel Brands fan AZ. De kâns dat de transfer oergiet, skat hy op tachtich oant njoggentich persint.
It gerucht dat Alves nei AZ gean soe, giet al in skoftsje. Mar sportklub Hearrenfean én AZ sels woene der oant no ta neat oer sizze.