Nije skipper foar Súdwesthoek

De 37-jierrige Auke de Groot fan Starum wurdt de nije skipper op it skûtsje de Súdwesthoek. Dat hat it bestjoer fan de Stifting Skûtsje Súdwesthoek freed bekind makke.
Auke de Groot is de soan fan Meindert de Groot dy't koartlyn bekind makke op te hâlden as skipper. Auke de Groot is goed bekind mei it skip, hy is al tweintich jier bemanningslid op it skûtsje.