Krystbeamme-aksje Ljouwert

04 jan 2008 - 14:07

De jierlikse krystbeamme-aksje fan de gemeente Ljouwert hat dit kear goed 3500 beammen opsmiten. Se binne ophelle troch bern fan tweintich basisskoallen yn de gemeente. Se krigen dêr in sinasappel en in lot foar. Mei dat lot meitsje se kâns op in jildpriis.

De skoallen krije 45 sinten de beam dy't ynsammele is. De gemeente lit de beammen fersnipperje en komposteare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)