Tichelaar wint priis KvK

© Omrop Fryslân
Koninklijke Tichelaar út Makkum hat de earste noardelike kreativiteitspriis wûn. De priis is ynsteld troch de Keamer fan Keaphannel Noard-Nederlân. Hy is bedoeld foar in ûndernimmer dy't op bysûndere wize de bân mei de kreative sektor fersterke hat.
Tichelaar hat de priis wûn omdat it bedriuw bot suksesfol is mei it keppeljen fan kennis en kreativiteit oan de yndustriële sektor. De priis waard tongersdei útrikt.