Fryslân yn resepteblêd

03 jan 2008 - 19:31

It itensiedersblêd Delicious hat yn it jannewarisnûmer in soad omtinken foar Fryslân. Op acht siden wurde tweintich bysûndere adressen beskreaun, dy't mei iten en drinken te krijen ha.

De redaksje hat by ferskate restaurants west, mar ek by bier- en whiskystokerij Us Heit yn Boalsert en by tsiismakkerij de Nylander yn Warkum. Yn it blêd steane ek ferskate Fryske resepten. It jannewarisnûmer leit fan freed ôf yn de winkels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)