Daan Breeuwsma nei EK

03 jan 2008 - 16:32
  • Daan Breeuwsma yn aksje by seleksjewedstriden (foto Martin de Jong)

Shorttracker Daan_Breeuwsma fan Aldeboarn is troch de Topsport Kommisje Shorttrack fan ´e KNSB oanwiisd foar it EK dat fan 18 oant en mei 20 jannewaris yn Ventspils (Letlân) hâlden wurdt. Sjinkie Knegt fan Bantegea giet mei as reserve.

Sjinkie Knegt docht fan 11 oant en mei 13 jannewaris wol mei oan it wrâldkampoenskip foar junioaren dat yn Bozen yn Südtirol (Itaalje) hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)