Reade Krús Hearrenfean dakleas

© Omrop Fryslân
De goed hûndert frijwilligers fan it Reade Krús fan It Hearrenfean moatte op syk nei in nij ûnderkommen. De helporganisaasje moat derút omt de fergunnings ôfrinne. It gebou is der yn 2003 delset. De frijwilligers brûke it foar kursussen en as opberchplak foar materialen.
Mooglik kinne de frijwilligers te plak by de skouting. De beide partijen kinne lykwols noch gjin oerienstemming berikke oer de hierpriis.