Stedsfeesten Dokkum ôfsein

© Omrop Fryslân
De stedsfeesten yn Dokkum gean dit jier net troch. Dat hat it bestjoer de buertferienings witte litten. De kosten foar it feest nimme ta en de opbringsten fan kollektes ûnder de befolking en it bedriuwslibben nimme bot ôf.
De stedsfeesten binne foar elkenien. Der binne gjin hege entreeprizen fanwege de sponsoring. Op 14 jannewaris praat it bestjoer mei de gemeente oer in finansjele bydrage.