Auto riidt hûn oan op A7

© Omrop Fryslân
In man út Drachten hat woansdei op de A7 mei syn auto in oerstekkende hûn oanriden. It bist rûn de autodyk oer by De Like yn Grinslân. Troch de klap bedarre de hûn ferwûne yn 'e middenberm. De automobilist kaam mei de skrik frij.
De dyk hat in skoftsje ôfset west om personiel fan 'e diere-ambulâns de gelegenheid te jaan de hûn te helpen. Hy is nei in bistedokter brocht. It is net bekend fan wa't de hûn is.