Seehûn 'ynspektearret' iisbaan

03 jan 2008 - 14:06

By de iisbaan fan Ballum op It Amelân is in jonge grize seehûn fûn. De baan leit twa kilometer fan see ôf. In automobilist seach it bist yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei midden op 'e dyk lizzen. De man hat it bist oppakt en 'e koffer fan syn auto lein. Dêrnei hat Rykswettersteat it bist opfongen en oerdroegen oan 'e seehûnekres yn Pieterburen.

It bart hiel soms wolris faker dat in seehûn safier it lân op komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)