Harns wol oplieding skipsbou

Harns wol in oplieding skipsbou nei de stêd helje
Harns wol in oplieding skipsbou nei de stêd helje. Der is no al in MBO-Maritime Akademy foar de Rijn- en binnenfeart yn 'e Fryske havenstêd. It bedriuwslibben hat grut ferlet fan faklju yn 'e skipsbou.
De gemeente hat al petearen fierd mei skoallen oer it iepenjen fan in dependance yn 'e havenstêd. De gemeente tinkt foar de oplieding ek oan gearwurking mei it bedriuwslibben.