Sligro komt nei Ljouwert

Gruthannel Sligro iepenet yn maart in nije festiging yn Ljouwert
Gruthannel Sligro iepenet yn maart in nije festiging yn Ljouwert, ferwachtet direkteur Van Rozendaal. By de grute winkel kinne hoarekabedriuwen sels ynkeapje foar de saak. De winkel komt yn it âlde gebou fan Desimo dat Sligro oernaam hat. In part fan it personiel giet oer nei Sligro, de oaren binne yn Drachten kaam te wurkjen. Dêr hat Sligro ek in grutte festiging. Yn Ljouwert is plak foar tsien nije wurknimmers.