NHL ûndersiket weryndieling

"NHL ûndersiket weryndieling"
Studinten fan 'e NHL ûndersykje hokker gemeentlike weryndieling it bêste is foar Surhústerfean yn Achtkarspelen. Se dogge dat yn opdracht fan 'e ûndernimmersferiening fan it doarp. Undernimmers, ynwenners en politisy, ek út omlizzende gemeenten, meie sizze wat se derfan fine.
De ûndernimmersferiening sjocht as mooglikheid foar de weryndieling de gemeente op te dielen yn twaën mei it Prinses Margrietkanaal as skieding.