Grouster bekent ynbraken

© Omrop Fryslân
In man út Grou (27) hat tajûn dat er seis kear ynbrutsen hat yn Noardeast-Fryslân. Mids desimber waard er trapearre yn in bedriuwsgebou yn Feanwâlden. Yn syn auto fûn de plysje navigaasjesystemen, in laptop en ark. Dat guod wie stellen by bedriuwen en út boaten. Ek yn it hûs fan 'e fertochte fûn de plysje stellen guod.
De man jout ta dat er ynbrutsen hat yn Feanwâlden, Dokkum, Wergea, Noardburgum en Akkrum.