Net iens oer 1 súdwestgemeente

"Net iens oer 1 súdwestgemeente"
Boargemaster Jacob Reitsma wol dat syn Wymbritseradiel opgiet yn ien grutte súdwesthoekgemeente mei Snits, Gaasterlân-Sleat, Nijefurd, Boalsert en in stik fan Littenseradiel. Dat makket in soad gearwurkingsferbannen oerstallich en boppedat is der net wer in weryndieling nedich oer 20 jier.
Kollega-boargemaster Paul Scheffer fan Harns fynt dat in ûnsinnich plan. Scheffer fielt wol foar in fúzje mei Boalsert en in part fan Wûnseradiel.