Echt Alvestêde-iis ferhannele

02 jan 2008 - 17:28
  • iis fan de Alvestêdetocht út 1997 is kocht troch Amsterdammers

In bedriuw út Amsterdam hat 2500 euro betelle foar echt Alvestêde-iis. In pear minsken út Appelskea hiene dat noch yn de friezer fan de tocht út 1997. It jild giet nei it goede doel.

De ynwenners fan Appelskea hiene mei Ald en Nij it iis te keap oanbean fia ynternet. Se hiene alve jier lyn it iis út in sleat seage. Op de webside wie te sjen hoe't dat gie. It bedriuw dat it iis kocht hat, hellet dat freed op mei in kuolwein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)