AZ wol Alves foar moandei ha

02 jan 2008 - 17:25

Fuotbalclub AZ út Alkmaar hopet op 'e komst fan Hearrenfeanspits Alves. Der is lykwols noch neat konkreet. Dat seit technysk direkteur Brands. Foar moandei wol AZ dúdlikheid ha oer de transfer. De spilers begjinne dan wer mei de training.

SC Hearrenfeandirekteur Yme Kuiper woe woansdei net op in mooglike transfer fan Alves reagearje. Neffens it blêd VI is de saak al rûn en giet Alves ynkoarten foar 18 miljoen oer nei AZ.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)