Amper smookferbod yn hoareka

soad Fryske hoarekabedriuwen ha noch gjin smookferbod
Yn Fryslân mei yn 'e hoareka noch folop smookt wurde. It ferbod giet pas yn 'e simmer yn. In pear kafees en restaurants wachtsje net oant dy tiid. By Van der Valk yn Drachten mei mei yngong fan dit jier hielendal net mear smookt wurde. Smokers kinne dêr bûten telâne by in spesjale bak.
De measte Fryske hoarekagelegenheden doare it lykwols noch net om de smokers bûten de doar te hâlden.