Crone: pak opporteurs oan

02 jan 2008 - 16:13

Mei hege boetes en de ferplichting om de skea te fergoedzjen wol Crone, boargemaster fan Ljouwert, minsken oanpakke dy't oerlêst feroarsaakje. Mei swier fjoerwurk is mei Ald en Nij in soad fernield. Ek is fjoerwurk nei helptsjinsten goaid en waarden plysje en brânwacht bedrige en hindere.

Sok gedrach kin net. Oaren moatte harren dêrop wize. Ek wol Crone kroechbazen oanpakke dy't tefolle alkohol oan de klanten skinke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)