Alves bêste spits yn 2007

02 jan 2008 - 13:09

Afonso Alves fan SC Hearrenfean hat yn it kalinderjier 2007 de meast trefsekere spits op 'e wrâld west. De 26-jierrige Braziljaan skoarde ferline jier yn totaal 34 goals yn 31 duels.

Alves stiet noch hieltyd yn de belangstelling fan ferskate klubs. De spits mei foar in fêststeld bedrach fuort. Neffens Hearrenfean direkteur Yme Kuiper is der noch neat rûn, ek net mei AZ dat neffens praatsjes al akkoart wêze soe mei Alves en It Fean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)