Needopfang noch net ôfsluten

De needopfang foar asylsikers yn Wytmarsum hâldt noch in pear wiken gas en elektra. Dat seit in wurdfierder fan enerzjybedriuw Essent. De needopfang soe ôfsletten wurde, mar dy opdracht ha Essent en Nuon noch net jûn.
Al moannen is de enerzjyrekken net betelle. Der is in skuld fan 80.000 euro. Der sitte goed 20 minsken yn de needopfang. It COA moat foar opfang fan har soargje.