Pyt docht waar op Radio10 Gold

02 jan 2008 - 12:14

Pyt Paulusma presintearret tenei alle wurkdagen ek it waar op Radio10 Gold. Dat hat de radiostjoerder woansdei witte litten. Hy sil trije kear deis in wiidweidich waarberjocht dwaan.

Us eigen Pyt fersoarget al jierren it waar by Omrop Fryslân, radio en televyzje. Hy is lanlik bekend wurden doe't er sa'n tsien jier lyn ek mei it waar op televyzje begûn is by SBS6. Sels Balkenende kin 'Oant moarn' sizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)