Fargeul Boontjes wurdt djipper

02 jan 2008 - 11:09

De fargeul De Boontjes, tusken Harns en Koarnwertersân, wurdt yn 2009 útdjippe. De minister fan Ferkear en Wettersteat is foar it útdjippen fan de geul no't út ûndersyk bliken docht dat it tusken de 3 en 4 miljoen euro kostet. It útdjippen is nedich om't laden skippen der kwalik farre kinne.

Takom jier moatte alle prosedueres foar it wurk úteinsette. Der wurde wol beswieren ferwachte fan de Waadferiening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)