Waadeilannen op fakânsjebeurs

02 jan 2008 - 10:58
  • Cranberrywyn, it streekprodukt kin op de fakânsjebeurs preaun wurde

It kreamke fan de Waadeilannen op de fakânsjebeurs is dit jier folle grutter as oars. De stand beslacht goed 100 kante meter. Dat is trije kear sa folle as oare jieren.

Op de beurs binne ek streekprodukten te priuwen dy't op de eilannen makke wurde. De útwreiding fan de stand wie neffens de Stifting Waadfederaasje nedich om te konkurrearjen mei bûtenlânske bestimmingen. De beurs begjint 11 jannewaris en is yn Utert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)