Marrumer mei harddrugs pakt

02 jan 2008 - 10:32

De plysje op it Hearrenfean hat tiisdei op de Gedempte Molenwyk in man út Marrum oanhâlden. Hy hie harddrugs by him. Plysjes seagen de man yn de auto sitten. Doe't se mei him praten, rûkten se in sterke wietlucht.

Dat wie in reden foar de plysje om de man en syn auto te kontrolearjen. Dêrby fûn de plysje yn syn beurs ferskate pûdsjes en wikkels mei hard- en softdrugs. De man is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)