Man driget mei pistoal

02 jan 2008 - 10:06

Yn de Westerein hat Nijjiersdei in rúzje west dêr't mooglik mei in fjoerwapen drige is. Yn de Salomon Levystrjitte hiene minsken spul krigen oer it feroarsaakjen fan fjoerwurkoerlêst.

In man fan 45 waard lulk en helle in pistoal. Dêr bedrige hy guon buertbewenners mei. De plysje hat by de man thús om it wapen socht, mar hat it net fûn. De saak wurdt noch fierder útsocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)