Ljouwerter 'prachtwyk' kânsryk

02 jan 2008 - 07:16
  • Heechbou oan de Eikenstrjitte

Ljouwert hat de bêste plannen om fan de probleemwyk Heechterp-Schieringen in prachtwyk te meitsjen. It ûndersykynstituut Nicis hat fan alle 40 oanwiisde wiken de plannen tsjin it ljocht hâlden. De Ljouwerter plannen komme as it meast kânsryk út de bus.

Minister Ella Vogelaar hat 40 achterstânswiken oanwiisd dêr 't in soad jild foar fernijing ynfesteard wurde sil. De ûndersikers fine de plannen oansprekkend en helber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)