Warten biedt doarp te keap oan

02 jan 2008 - 07:09

It doarp Warten is te keap. De frijwilligersorganisaasje Warten Actief docht it doarp yn de ferkeap. Goedkeap is Warten net: de ynwenners wolle der in multifunksjoneel sintrum, fyts- en kuierrûtes en in nijbouplan oan it wetter foar werom ha.

Sûnt de sluting fan it doarpskafee sit Warten sûnder plak foar gruttere gearkomsten. Sûnt dy tiid wurdt de aksje fierd foar in nij multifunksjoneel sintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)