Douwe de Vries útskeakele

mei in stikkene ankel ried Douwe de Vries de wedstriid út (foto: Martin de Jong)
Foar maratonreedrider Douwe de Vries sit it seizoen derop. Yn de finale wedstriid om de Essent Cup yn Amsterdam op âldjiersdei foel de ynwenner fan It Hearrenfean. Mei syn reed rekke hy syn linkerankel.
De Vries ried de wedstriid út en waard tredde yn it einklassemint. Letter yn it sikehûs die bliken dat de pezen yn it ankel rekke wiene. Dêrnei waard it ankel foar minstens trije wike yn it gips setten.