Pieter Weening blesseard

Pieter Weening (foto: Martin de Jong)
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema sit al fjirtjin dagen mei in knibbelblessuere. Hy hat lêst fan in peesûntstekking op de knibbelskiif. De ienige remedy is rêst. Weening hat al ris earder sa'n ûntstekking hân. Dêr wie er doe trije moanne mei ûnder de pannen.
Yn 2008 hopet Weening mei te dwaan oan sawol de Giro d'Italia as de Tour de France, mar dat sil wol swier wurde.