'Nij stadion net yn Súdlannen'

01 jan 2008 - 16:14

It nije Cambuurstadion komt net yn de Súdlannen by Ljouwert. Dat sei foarsitter Sleijffer fan de Ried fan Kommissarissen fan Cambuur tiisdei op Omrop Fryslân radio. In stadion dêr soe te fier fuort wêze foar Ljouwerters dy't op de fyts nei de wedstriden wolle.

Sleijffer sjocht leaver nijbou achter it WTC yn Ljouwert. In oare opsje is it opknappen fan it hjoeddeistige stadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)