Planskea fanwege nijbou

Bou © ANP XTRA
De gemeente Opsterlân moat 50.000 euro planskeafergoeding betelje oan seis húshâldens yn Oerterp. It giet om fiif adressen oan de Skoalleane en ien oan de Jagerstrjitte. De bewenners hawwe beswier makke tsjin it plan De Hege Kamp dêr't 95 wenten komme moatte. Dy komme tsjinoer harren huzen. Oant no binne der njoggen wenten boud.
Fanwege de bou hawwe de bewenners rjocht op skeafergoeding. Dat hat de Stichting Adviesbureau Onroerende Zaken besletten.