Komadrinkers yn sikehûs

01 jan 2008 - 12:32

By sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten binne nei âld en nij fiif slachtoffers fan alkohol binnenbrocht. It giet om jonge minsken fan tusken de 15 en 25 jier, dy't safolle drank op hiene dat se komateus en net oansprekber wiene. Se waarden brocht troch freonen en kunde. Ien waard bûten yn de strúkjes fûn troch de plysje.

In wurdfierder sinjalearret in taname fan it alkoholmisbrûk op hieltyd jongere leeftyd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)