Minder fjoerwurkslachtoffers

© Omrop Fryslân
By de Fryske sikehûzen binne âldjiersnacht 39 fjoerwurkslachtoffers binnenbrocht. 17 oare ferwûnen hawwe fan de Dokterswacht help krigen; ien fan harren moast nei it sikehûs. It totaal tal ferwûnen is dan 55.
Twa minsken hiene de deksel fan in karbidbus yn it gesicht krigen, ien slachtoffer hat in stik fan syn hân ferlern. In soad minsken hiene brânwûnen of ferwûnings oan de eagen.