Soad skea troch fjoerwurk

01 jan 2008 - 09:01
  • opblaasd ferkearsboerd (foto: Paul Hettinga)
  • fernielde telefoansel yn Wolvegea (foto: Lenus van der Broek)

Swier fjoerwurk hat ek yn âldjiersnacht foar in protte skea soarge, oan foaral ferkearsbuorden. Troch de tichte mist kin de plysje de balâns noch net hielendal opmeitsje. De mist wie de grutte spulbrekker yn de âldjiersnacht. De plysje koe pas healwei de nacht op paad.

Grutte ferkearsûngelokken hawwe der net west. Yn Sânhûzen rekke in man in diel fan de earm kwyt troch fjoerwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)