Alde skoalle Waskemar útbaarnd

31 des 2007 - 21:39
  • Foto's : Peter de Groot - 112oosterwolde.nl

De âlde iepenbiere basisskoalle master van Hasselt oan de Bakkeveensterwei yn Waskemar is âldjiersjûn folslein útbaarnd. It gebou stie al sûnt de hjerst leech. De skoalle is doe ferhuze nei in nij gebou oan de Willem Kroezestrjitte. It âlde skoallegebou soe letter dit jier sloopt wurde.

De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend. Neffens buertbewenners is de brân ûntstien troch fjoerwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)