Bolle springt yn it kanaal

31 des 2007 - 16:59
  • Foto's : Peter de Groot - 112oosterwolde.nl

Yn Easterwâlde is moandei in bolle ûntsnapt doe't er op in feewein laden wurde soe. It bist draafde troch ferskate tunen oan de Compagnonsfeart. Hy besocht in plysjefrou en de slachter oan te fallen. De slachter wie mei it ferdôvingsgewear kommen.

De bolle sprong yn it kanaal. Mei oan in tou oan de noasring koe er wer op de kant brocht wurde. Yn in koai fan de slachter koe er wer bekomme fan alle konsternaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)