Pastory pear oeren kreake

31 des 2007 - 14:59

De leechsteande pastory oan de Syl op De Jouwer hat moandei in pear oeren lang kreake west. De gemeente reagearre fuortendalik: boargemaster Kuiper fan Skarsterlân drige mei in needferoardening. Dan kin de plysje de kreakers ûnder twang út it hûs helje.

Nei in petear mei de feilichheidskoördinator fan de gemeente hawwe de kreakers sels besletten fuort te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)