Blauwe auto dûkt op yn Doezum

31 des 2007 - 13:53

De blauwe auto fan it Moleneind yn Drachten stiet no op in brêge yn Doezum, yn Grinslân. De âldjiersploech fan Doezum wol sa omtinken freegje foar de brêge yn it doarp. Dy moat nedich opknapt wurde, mar dat wurdt hieltyd útsteld.

De âldjiersploech wol mei de stunt ek sjen litte dat se it blauwe keunstwurk yn Drachten skande fan de sinten fine. Dy hiene better oan it opknappen fan de brêge bestege wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)