Hearrenfean rint stomp by VVV

31 des 2007 - 13:05

De striid om Nordin Amrabat is losbarsten. Hast de folsleine eare divysje sit achter de 20 jierrige oanfaller fan VVV oan. In heal jier lyn spile Amrabat noch by Omniworld, mar hy hat dit seizoen by de Venlonaren al seis kear skoard.

Hearrenfean is ien fan de ploegen dy't ynteresse hat foar de Marokkaanske oanfaller, mar VVV is net fan doel Amrabat yn de winterstop al gean te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)